Noppert yn kwartfinale World Series Finals nei winst op Anderson

Danny Noppert stiet yn de kwartfinale fan de World Series Finals. De Jouster darter fersloech Gary Anderson yn de twadde ronde mei yndrukwekkende sifers: 6-1.
© www.orange-pictures.nl
Noppert hat yn syn partij nea yn de problemen west. Binnen in koart skoft tiid stie Noppert op in 4-0 foarsprong. Dêrnei koe Anderson ien leg pakke. Nei it skoft denderre Noppert fierder. In 104-finish brocht him op 5-1 en yn de lêste leg koe hy mei dûbel fjouwer útgoaie. Anderson like lêst te hawwen fan fysike problemen, mar Noppert luts him dêr neat fan oan.

De kwart-, heale en finale wurde snein spile. Noppert moat yn de kwartfinale tsjin Ian White, dy't Peter Wright sneon fersloech.
It telefyzjetoernoai de World Series Finals bestiet sûnt 2015. De earste trije edysjes waarden yn Skotlân spile en dêrnei ferhuze it toernoai foar ien kear nei Eastenryk. Dit jier wurdt de World Series Finals foar it earst yn Amsterdam en yn Nederlân hâlden. Darter Michael van Gerwen hat it toernoai leafst trije kear wûn.