UNIS Flyers fierstente sterk foar takomstteam Tilburg Trappers

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe foar de alfde kear op rige wûn. Yn Thialf op It Hearrenfean waard yn de beker mei gigantysk ferskil wûn fan it takomstteam fan Tilburg Trappers: 11-1.
UNIS Flyers fierstente sterk foar takomstteam Tilburg Trappers: 11-1
Al nei de earste perioade hiene de Friezen in komfortabele foarsprong. Troch goals fan respektyflik Adam Bezak, Ronald Wurm, Trevor Petersen en Jasper Nordemann stie it 4-0. Yn de twadde perioade waard de marzje ferdûbele nei 8-0 troch goals fan Juna Kiiholma (twa kear), Pim van der Meulen en wer Bezak.
Neidat Brent Janssen de skoare yn de tredde perioade op 9-0 brocht hie, die Tilburg foar it earst wat werom. Bryan Vos makke de earetreffer foar de ploech út Noard-Brabân. Viktor Nordemann en Petersen bepaalden de einstân mei twa goals yn de slotfaze noch op 11-1.
© www.orange-pictures.nl
It wie foar UNIS Flyers de lêste wedstriid yn de reguliere bekerkompetysje. De Fryske iishockeyers wiene al pleatst foar de folgendje faze fan it toernoai.
De Flyers spylje dit wykein ek noch yn de Inter Region Cup. De Friezen moatte 4,5 oere yn de bus foar in útwedstriid tsjin it Dútske Neuwied.