Fryske klups lotsje thúswedstriden, Cambuur treft Feyenoord

02 nov 2019 - 22:19

De beide Fryske klups spylje in thúswedstriid yn de twadde ronde fan de KNVB-beker. SC Cambuur kriget Feyenoord op besite yn Ljouwert, wylst SC Hearrenfean spilet tsjin Roda JC. Dat hat de lotting útwiisd.

Foto: www.orange-pictures.nl

Roda JC spilet yn de earste difyzje en is oankommende freed de tsjinstanner fan SC Cambuur. Roda stiet op it stuit tolfde. Cambuur treft yn Feyenoord ek de nûmer tolve, mar dan fan de earedifyzje. Dizze wike naam trainer Jaap Stam dêr ûntslach. Dick Advocaat makket it seizoen ôf as haadcoach fan de Rotterdammers.

Foar Hearrenfean is it in skoft lyn dat it eigen Abe Lenstrastadion de arena wie fan in bekerwedstriid. De foarige tsien wedstriden waarden út spile.

De twadde ronde fan de beker wurdt heal desimber spile. De duels wurde ynpland op tiisdei 17, woansdei 18 en tongersdei 19 desimber.

Hjirûnder de folsleine lotting:

(advertinsje)
(advertinsje)