VC Snits ek nei fiifde wedstriid fan it seizoen noch sûnder oerwinning

De follybalsters fan VC Snits hawwe ek de fiifde wedstriid fan it seizoen ferlern. Yn it Landstede Sportcentrum wie Regio Zwolle mei 3-1 te sterk.
© Orange Pictures
De Friezinnen begûnen de wedstriid yn de Oeriselse haadstêd wol goed. De earste set wie mei 25-15 foar Snits. Dêrnei gie it minder mei it spul fan de Fryske ploech, dy't ôfrûne jier noch twadde waard yn de earedifyzje. De twadde set waard 25-22. De tredde en fjirde set giene mei respektyflik 25-19 en 25-16 ek nei Regio Zwolle.
By de thúsploech wie Nova Marring mei 18 punten de absolute útblinker. Monique Volkers makke by VC Snits de measte punten: 12.

Lêste plak

Troch de nederlaach stiet VC Snits no op it tsiende en lêste plak yn de earedifyzje. Der waard dit seizoen noch net ien kear wûn. Tsjin FAST en Dros-Alterno waard lykwols mei 3-2 ferlern en dus hat Snits wol twa punten. Dat is likefolle as nûmer njoggen Dros-Alterno en nûmer acht Talentteam Papendal.