Manon Kamminga wint maraton yn Deventer

02 nov 2019 - 20:34

Manon Kamminga fan Haulerwyk hat yn Deventer de KPN Marthon Cup wûn. Se siet yn in kopgroep mei 15 froulju, en yn de einsprint wie se mei oermacht de rapste.

Foto: Tims Imaging

De fyftjin froulju hiene in ronde foarsprong. Yn de finale besocht Janneke Ensing om fuort te riden, mar yn de lêste 300 meter gong Kamminga dêr oerhinne. Rom foar Francesca Lollobrigida en Lisa van der Geest kaam se oer de einstreek.

Trefwurden: 
reedriden Manon Kamminga
(advertinsje)
(advertinsje)