Kramer hellet ek wrâldbekerticket op 1500 meter, De Vries net

02 nov 2019 - 18:18

Sven Kramer hat him ek pleatst foar de wrâldbeker op de 1500 meter. De Fries waard op dy ôfstân fiifde en dat wie genôch om him te pleatsen. Kjeld Nuis waard earst diskwalifisearre en dêrnei wer net. Uteinlik gie de winst dêrom nei Nuis.

Foto: Orange Pictures

Kramer ried op 'e nij tsjin Patrick Roest, lykas freed op de 5000 meter. Ek ditkear wie Roest de rapste fan de twa, mar konsekwinsjes foar de wrâldbekertickets hie dat net. Kramer finishte yn 1.45,80 en Roest yn 1.44,89. Thomas Krol wûn de 1500 meter yn 1.44,73. Kjeld Nuis ried in rappere tiid, 1.44,71. Hy waard yn earste ynstânsje diskwalifisearre, mar dat waard efkes letter weromdraaid.

Sjoch hjir nei de reaksje fan Sven Kramer.

Douwe de Vries en Tjerk de Boer foelen beiden bûten de boat. De Vries einige yn 1.46,84, wat him op it tsiende plak brocht. Tjerk de Boer waard tolfde yn 1.48,21.

Utslach 1500 meter

1. Kjeld Nuis 1.44,71

2. Thomas Krol 1.44,73

3. Patrick Roest 1.44,89

4. Marcel Bosker 1.45,80

5. Sven Kramer 1.45,80

10. Douwe de Vries 1.46,84

12. Tjerk de Boer 1.48,21

(advertinsje)
(advertinsje)