Omrop TIP: De earste radiomakker fan Nederlân

02 nov 2019 - 17:23

'IDZ de earste' is in Fryslân DOK oer Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda út Weidum. De eigensinnige yngenieur Idzerda makke hûndert jier lyn de earste radioútstjoering fan Nederlân.

Hanso Idzerda - Foto: Omrop Fryslân

Dy earste útstjoering wie in revolúsje yn Nederlân, ek al lústere der doe mar in hantsjefol radioamateurs. It wie eins in kommersjele útstjoering, want Idzerda wie fabrikant fan lúkse radiotastellen en dy moasten ek ferkocht wurde. Yn 1924 gong syn 'Nederlandse Radio Industrie' fallyt. Hilversum waard it episintrum fan de radio.

Idzerda syn technyske nijsgjirrichheid waard him, wrang genôch, needlottich. De Dútsers skeaten him yn 1944 dea yn in park yn Wassenaar, flakby syn hûs. Hy socht nei ûnderdielen fan de V2's dy't dêr lansearre waarden. Yn 1969, fyftich jier nei dy earste útstjoering op 6 novimber 1919, krige Hanso Idzerda in monumint yn Weidum.

'IDZ de earste' is in Fryslân DOK oer de heit fan de Nederlânske radio. Programmamakker Annet Huisman siket en fynt de ferhalen by mediaheechlearaar Huub Wijfjes, en by Botte Jellema, freelance radio- en podcastmakker.

Botte Jellema, radio- en podcastmakker yn Amsterdam - Foto: Omrop Fryslân

Trije pakesizzers nimme de sjogger mei werom yn de tiid. Nei Teridzert, dêr't de foarfaars wei komme. Nei Weidum en Mantgum, dêr't de jonge útfiner los gong. En nei Scheveningen, dêr't Idzerda yn it Kurhaus útstjoerings fersoarge foar Britske harkers.

De Fryslân DOK 'IDZ de earste' is snein by Omrop Fryslân te sjen op telefyzje, om 17.00 oere en dêrnei alle oeren.

(advertinsje)
(advertinsje)