Dramatyske middei foar it Frysk amateurfuotbal

It wie gjin bêste dei foar de Fryske amateurfuotballers. Yn de haadklasse spilet VV Bûtenpost in strieminne wedstriid. En yn de tredde difyzje ha ONS Snits en de Harkemase Boys beide mei dúdlike sifers ferlern.
© www.orange-pictures.nl
De Harkemase Boys spilen út tsjin Sparta Nijkerk. Dêr waard it 3-0. ONS Snits ferlear op it eigen Sudersportpark mei 7-1 fan VVSB. En Bûtenpost ferlear thús fan Volendam mei 5-2.