Visser wint 3000 meter, De Jong en Anema nei wrâldbekers

Antoinette de Jong en Reina Anema hawwe har pleatst foar de wedstriden op de wrâldbekers op de 3000 meter. De Jong waard twadde mei mar twa hûndertsten efter Esmee Visser, dy't de 3 kilometer wûn. Anema ried yn in persoanlik rekôr nei it fjirde plak. Ireen Wüst foel ferrassend bûten de top fiif.
© Orange Pictures
Reina Anema sette de earste tiid del mei har nije persoanlike rekôr. Se ried 4.01,80 en dat is hast trije sekonden rapper as har eardere bêste tiid. Esmee Visser en Carlijn Achtereekte dûkten dêr mei in dikke sekonde ûnder en dêrnei moast Anema ôfwachtsje. Wüst like ienfâldich nei in goeie tiid te riden, mar klapte oan de ein hielendal yn elkoar. Yn de lêste rit kamen Melissa Wijfje fan Gewest Fryslân en Antoinette de Jong noch ûnder har tiid, wêrtroch Wüst bûten de top fiif fûl.
Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Ireen Wüst, Antoinette de Jong en Reina Anema.
De Jong en Anema pleatsten har freed ek al op de 1500 meter. Op dy ôfstân wist ek Wüst in ticket te beheljen.
Utslach 3000 meter
1. Esmee Visser 4.00,27
2. Antoinette de Jong 4.00,29
3. Carlijn Achtereekte 4.00,51
4. Reina Anema 4.01,80 PR
5. Melissa Wijfje 4.02,53
6. Ireen Wüst 4.03,41
11. Carien Kleibeuker 4.09,76