Cambuur Sjoernaal: Lyk spul mar dochs boppeoan

02 nov 2019 - 16:54

SC Cambuur hat freedtejûn yn eigen stadion lyk spile tsjin NEC: 0-0. De Ljouwerters krigen in soad kânsen, mar koene NEC-keeper Mattijs Branderhorst net foarby komme. Trochdat ek de konkurrinten fan de Ljouwerters lyk spilen bliuwt Cambuur boppeoan yn de Keuken Kampioen Divisie stean.

(advertinsje)
(advertinsje)