Tim Douwsma wol súksesnûmer gau útbringe

02 nov 2019 - 17:27

Tim Douwsma wol it nûmer útbringe, dêr't er súkses mei hie yn de finale fan The Masked Singer. Dat sei er yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân.

The Masked Singer is in sjongkompetysje dêr't de dielnimmers har by ferklaaie, sadat se net werkend wurde troch de sjuery. Tim Douwsma wie in noashoarn.

Douwsma stie yn de finale fan it telefyzjeprogramma, mei it nûmer 'Someone You Loved' fan Lewis Capaldi. Hy is al dwaande mei de opnames. Binnen in dei soe de ferzje fan Douwsma beskikber wêze kinne foar it publyk, seit er.

"Ik bin no yn de studio om it op te nimmen. We wolle it sa gau as mooglik útbringe. We ha safolle reaksjes hân, dat is geweldich!"

Douwsma hat wikenlang geheim hâlde moatten dat hy meidie oan it programma. "Freonen en famyljeleden fregen fanôf it begjin al oft ik it wie, yn it noashoarnpak. Ik ha it hieltyd ûntkend."

"Fannewike wie ik op in basisskoalle. Dêr fregen de bern: 'Meneer, bent u de neushoorn?' Ik bin hiel bliid dat ik it no bekend meitsje kin."

Diana de Groot praat mei Tim Douwsma yn Sneon yn Fryslân

Douwsma sjocht mei nocht werom op syn dielname oan it programma. "It wie sa'n leuk feestje. En der ha wol twa miljoen minsken nei sjoen. Dat hie ik net ferwachte."

De finale hat er net wûn. Operasjongeres Tania Kross wie better. Dy hie har ferklaaid as robot.

(advertinsje)
(advertinsje)