Michelle de Jong iennige Friezinne mei ticket foar 500 meter

02 nov 2019 - 15:20

Michelle de Jong is de iennige Friezinne dy't in wrâldbekerticket helle hat op de 500 meter. Oare kânshawwers as Letitia de Jong en Janine Smit foelen bûten de top fiif. Jorien ter Mors wûn de 500 meter yn 37,99.

Foto: Orange Pictures

Lykas de 1500 meter fan freed dominearre Ter Mors sneon de 500 meter. Se ried as iennige ûnder de 38 sekonden: 37,99. As twadde einige Sanneke de Neeling, rydster foar it Gewest Fryslân, yn 38,25. Michelle de Jong waard tredde yn 38,25. Jutta Leerdam en Dione Voskamp rieden nei it fjirde en fiifde plak.

Letitia de Jong falt krekt bûten de top fiif. Har 38,41 is goed foar it sechsde plak. Foar Janine Smit binne de druven noch soerder. Ferline jier waard se noch Nederlânsk kampioen op de 500 meter. No wurdt se fyftjinde.

Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Michelle en Letitia de Jong, en Janine Smit.

Yn de útslach is te sjen dat de nûmers ien oant en mei fyftjin binnen ien sekonde fan mekoar oer de finish kamen.

Utslach 500 meter

1. Jorien Ter Mors 37,99

2. Sanneke de Neeling 38,22

3. Michelle de Jong 38,25

4. Jutta Leerdam 38,32

5. Dione Voskamp 38,37

6. Letitia de Jong 38,41

9. Helga Drost 38,67 PR

11. Marrit Fledderus 38,75 PR

12. Femke Kok 38,75

14. Anice Das 38,95

15. Janine Smit 38,97

16. Moniek Klijnstra 39,07

(advertinsje)
(advertinsje)