Mariniers traine lâns Alvestêderûte foar rekôr speedmars

02 nov 2019 - 14:18

It rekôr speedmars is net hiel lang mear yn it besit fan de Ingelske mariniers, as it oan in groep Nederlânske mariniers leit. Yn Rotterdam dogge sy ynkoarten in oanfal op dat rekôr en dêrom ha se sneontemoarn oefene yn de omjouwing fan Ljouwert.

Mei sa'n 18 kilo bepakking op de rêch ha de manlju besocht yn trochsneed in tempo fan sa'n 10,5 kilometer yn 'e oere te heljen op in 27 kilometer lang parkoers oan de noardkant fan Ljouwert. By de maraton fan Rotterdam besykje sy yn april dat 3 oeren, 59 minuten en 59 sekonden lang fol te hâlden en sa it rekôr speedmars fan de Ingelske mariniers ôf te pakken. Dat rekôr stiet op 4 oeren en 16 minuten.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Se dogge dit net allinnich omdat it in earekwestje is, mar der wurdt ek jild ynsammele foar sike kollega's. André Bek fan de organisaasje: "We hebben één collega die heel hard een hele dure behandeling nodig heeft om enigszins zijn leven te verlengen."

Heldedom

Fierder smyt it ek in soad trainingsgegevens op. Tweintich mariniers oefenje foar de speedmars en de acht meast fitte minsken dogge ynkoarten in oanfal op it rekôr. Under de dielnimmers binne ek Friezen en it feit dat in part fan de oefenrûte by de Alvestêderûte delgiet, wie ek in reden om yn Fryslân te trainen. Beks: "Daar zit heel veel heldendom aan vast en daar voelen de mariniers zich graag toe aangesproken."

André Bek fan de organisaasje

(advertinsje)
(advertinsje)