Underwiisstaking fan de baan: "Moai, mar wol struktureel jild nedich"

02 nov 2019 - 13:40

It is te betiid om de flagge út te stekken, mar wol moai dat de lanlike ûnderwiisstaking fan kommende woansdei net trochgiet. Dat fynt Joost Visser, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan CVO Noard-Fryslân, de feriening foar kristlik fuortset ûnderwiis. Freed waard bekend dat it kabinet yn totaal 460 miljoen euro útlûkt om de tekoarten en de wurkdruk yn it basis- en fuortset ûnderwiis oan te pakken. As gefolch dêrfan fûnen de fakbûnen de staking net mear nedich.

Foto: ANP

It giet om in bydrage foar ien kear, der komt dus net struktureel jild frij foar it ûnderwiis en dat fynt Visser spitich. "Dat betekent dat we eerst goed moeten kijken, hoe we dat kunnen uitgeven. Als je er niet op kunt rekenen dat dat volgend jaar weer komt, dan kun je geen grote ingrepen doen waarmee je echt aan de duurzaamheid van het onderwijs gaat werken."

De staking hie noch in middel wêze kinnen om aksje te fieren foar in strukturele bydrage fan it Ryk, mar Visser fynt it wichtiger dat de rêst no weromkomt yn it ûnderwiis. "Dan kunnen we onze energie in het onderwijs steken, dat lijkt me toch het belangrijkste."

De learlingen en it personiel fan de middelbere skoallen fan CVO Noard-Fryslân sille net in soad fernimme fan it net trochgean fan de lanlike staking op 6 novimber, want der stienen gewoan lessen op it programma. Visser: "Bij ons zouden de scholen toch hebben doorgedraaid en nu kunnen we gewoon op volle kracht door."

Joost Visser, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan CVO Noard-Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)