Hûndert keunstners eksposearje op It Amelân

02 nov 2019 - 11:26

Ien fan de grutste keunstrûtes yn Nederlân is freed wer úteinset. Foar de 23e kear is op It Amelân de Keunstmoanne mei hast 100 keunstners út binnen- en bûtenlân op sa'n 40 lokaasjes.

It tema fan de Keunstmoanne is dit jier 'Yn beweging'. Neist byldzjende keunst is der ek in programma mei films, poadiumkeunsten en literêre jûnen. Foar it publyk is it in leechdrompelige tagong ta de keunstwurken. Dat sprekt de eksposanten wol oan.

Ien fan de gruttere projekten fan de Keunstmoanne is 'Gezichten van Dementie' mei ûnder oare portretten en sketsen fan minsken mei Alzheimer en ynterviews mei fersoargers.

Oeral is keunst te finen op Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Yn it begjin waard der noch wol skeptysk dien oer in evenemint yn novimber op it eilân, mar nei 23 kear hat de Keunstmoanne in fêst plak ferovere op It Amelân, seit Gitte Brugman fan de organisaasje.

"Alle ûndernimmers hawwe it omearme, musea dogge mei en yn in soad appartemintekompleksen is keunst te sjen. It is eins grutter wurden en ek it publyk is groeid." Fierder is der keunst te finen yn tsjerken, hotels en bûtendoar.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De ferwachting is dat der sa'n 7.000 besikers nei it eilân komme. De Keunstmoanne duorret de hiele moanne novimber.

(advertinsje)
(advertinsje)