Bern kontrolearje op reekmelders: wat docht Kollumersweach oan brânfeilichheid?

02 nov 2019 - 11:01

Wêr is de reekmelder? Kin ik jo húsnûmer wol sjen? Yn Kollumersweach binne bern fan CBS De Stapstien in wike lang drok dwaande mei it brânfeilich meitsjen fan harren doarp. De bern geane by de doarren del om minsken te wizen op brângefaar en op hoe't se in brân foarkomme kinne.

Kollumersweach hat yn it ferline te krijen hân mei in ferskaat oan brannen. De bern binne troch de brânwacht oplaat ta 'brân-speurneuzen'.

Pluzefilter en reekmelders

De bern fan De Stapstien ha fan de brânwacht in tsjeklist meikrigen om in goeie kontrôle út te fieren. "We sille it hûs kontrolearje. Op reekmelders, en oft it wol feilich is yn de meterkast. Dat der gjin dingen lizze dy't der net heare", fertelt ien fan de bern. "En ek dat se de plúskefilter fan de waskdrûger wol skjin meitsje eltse kear nei in waskbeurt."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De bern binne strang foar de bewenners, sels as it harren âlders binne. Stiet de caravan foar it húsnûmer? En wêr is de brânmelder? "Dy sit noch yn de ferpakking. Dy hat heit foarich jier fan Sinteklaas krigen", sa wit de 'brân-speurneus' te fertellen. "'Dat sil ik noch wol efkes dwaan.' Hy soe it juster dwaan, mar dêr hie er gjin tiid foar."

Genôch speurwurk te dwaan foar de bern yn Kollumersweach. En se sille ek yn de takomst noch kontrôles op brângefaar útfiere. "Jammer genôch hingje der noch gjin reekmelders, mar as heit dy ophongen hat, sil ik se wol útteste."

Bern op kontrôle... wat sjogge sy no krekt?

(advertinsje)
(advertinsje)