Elfstedenhal sneon wer iepen foar reedriders, stikkene motoaren ferfongen

02 nov 2019 - 10:09

De Elfstedenhal yn Ljouwert giet sneontemoarn wer iepen. De iisbaan wie sûnt tiisdei ticht fanwege problemen mei twa grutte motoaren fan de kuolmasines. Dêrtroch wie it iis fan de 400-meterbaan en it middenterrein net sterk genôch om op te riden.

De Elfstedenhal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De stikkene motoaren binne yn de nacht fan freed op sneon ferfongen troch nije. Der wurdt noch ûndersocht wêrom't de âlde motoaren stikken gien binne, seit direkteur Klaas Siderius fan de Elfstedenhal.

It iis is no wer op folle sterkte en reedriders kinne fan 11.00 oere ôf telâne yn de iishal.

Trefwurden: 
Ljouwert Elfstedenhal iisbaan
(advertinsje)
(advertinsje)