Kollum: "Taalpurist"

02 nov 2019 - 08:50

"In moanne lyn waard it kongres fan Onze Taal holden. Onze Taal is in feriening mei in tydskrift fan minsken dy't niget ha oan it Nederlâns. Soks is der net foar it Frysk. Immen dy't by de yngong yn de rige stie, sei tsjin in buorman: "Wat leuk, zoveel taalfreaks." "Taalliefhebbers, meneer", wie it beskie. Grif sei dy buorman dat heal pûlemûlkjend sa't taalpuristen dat kinne. Guon Friezen ha sa'n kekenens ek oer har. It is noait echt genôch.

Foto: Omrop Fryslân

Karel Gildemacher fan De Jouwer is nammekundige en kultuerhistoarysk ûndersiker. Jierrenlang fersoarge hy op sneon de Fryske taalrubryk fan Omrop Fryslân aktueel. Ek presintearre hy mei Geartsje de Vries de radiokwis Taalstriid.

De Toan fan Karel Gildemacher

Doe't ik Frysk learde, de earste achttjin jier ha ik allinne Snekers praten - ha mannen as Marten Skolten en Freark Dam my tige holpen. Se ferbetteren hast noait, mar fersoargen har eigen Frysk (wat mear as gewoanwei, tink) mei omtinken. Ik hearde dus fan har foarbyldich Frysk. As ik wat bryks sei, seach in Tamminga de oare kant út. It sil him oangriisd ha dat ik op sei, wylst it op wêze moast. Mar syn kranterubryk Taalhelling wie geweldich. Dêr haw ik in soad fan leard.

Letter haw ik ek noait net sa fan it ferbetterjen west. In libben lang hat men tiid om te learen, om te hearren hoe't it ek kin en lju dy't mear lêzen ha, mear taal besitte, moatte har taal yn alle fariaasjes brûke, oaren dat hearre en lêze litte. As men as ûnnoazele hals net wit dat der farianten binne, dat der nuânses besteane, dan kin men ek net beslute, folslein yn frijheid, oft men yn bepaalde taalsitewaasjes bygelyks 'noait' of 'nea' brûke sil.

Guon Friezen wolle it Frysk sa 'suver' mooglik ha. De man dy't it sterkst dy kant oerhong, wie Douwe Kalma. Nimmen lêst syn keningsdrama's en alle troch him oersette wurken fan Shakespeare noch, mar wat dy man net oan taal(út)bou dien hat. Tagelyk libbe er folslein by de wrâld fan syn tiid lâns. In libbene taal feroaret alle dagen. Nije ferskynsels, jonge minsken freegje nije stikken taal, mar soms is âld noch wol as nij te brûken: pûlemûlje, keken.

Douwe Kalma, foar fjirtjin dagen wie it 66 jier lyn dat de mytyske prins fan Jong-Fryslân mei de fyts ûnder in auto kaam en dat ûnk net oerlibbe. Dreamde grif fan Frisia Magna, gjin besef fan eigen tiid. Tragysk.

Jan Wybenga wie by de routsjinst yn Dearsum en dichte, de ferstoarne typearjend:

Ik haw him twa kear sjoen as regisseur;
De earste, by syn libben naam er my geweken,
"Flesk, stiet der, mar jo seine fleis, pûlemûle er keken.

Hy grommele dus wat binnenmûlsk, skerp op wat yn syn eagen breklik wie. As dy Onze taalliefhebber dus. O ja, dat gedicht, it is te moai om it slot oer te slaan.

De twadde kear rûn ik troch lyklucht en odeur
In doarpstsjerkje troch om nei syn lyk te sjen.
Ik koe him daliks wer. Ik tocht hy gniist warachtich.
Dat wie dan in fersin. Mar 't wie net twivelachtich,
Dat hy, efter syn rút, de toutsjes yn hannen hie.
It stik hiet: Sa begraaft ús lân yn grutste soan.
Notaris lies syn testamint de sibben foar.
Elk song om't hurdst syn lof, ien droech syn fersen foar.
Doe mochten wy der út; mei geastferdriuwend klokfertoan
Gyng 't om de tsjerke: hy yn syn kiste heech foaroan.
Hat er noch mear attraksjes, tinkt men as men dêr sa rint.
En ja, noch ien kear brocht de prins syn folgers út 'e skroeven:
Apothéose, negatyf hy waard net iens begroeven."

(advertinsje)
(advertinsje)