Tsjerke Midslân opknapt

12 nov 2011 - 11:00
Foto: Omrop Fryslân

Op Skylge wurdt snein de monumintale tsjerke fan Midslân wer yn gebrûk naam. Nei in restauraasje fan in goed jier is it wurk oan it gebou klear. De toer en it dak oan de súdkant binne opknapt. Foaral oan de toer moast in soad dien wurde. Dy is troch syn foarm slim kwetsber.

De tsjerke is oan de binnenkant hiel bot feroare. Skuorren yn it ferwulft binne ferholpen, der is in poadium boud njonken de preekstoel en der is in stiltehoeke makke. De restauraasje hat seis ton koste. De tsjerke wurdt snein mei in tsjinst wer yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
Midslân
(advertinsje)
(advertinsje)