Danny Noppert wint by debút op World Series Finals yn Amsterdam

02 nov 2019 - 00:11

Darter Danny Noppert hat freedtejûn by syn debút op de World Series Finals mei 6-3 wûn fan Jeffrey de Zwaan. Yn AFAS Live yn Amsterdam hie Noppert it yn it begjin noch dreech, mar nei it skoft wie de 28-jierrige Jouster oppermachtich.

De earste leg gie nei tsjinstanner Jeffrey de Zwaan. Yn de folgjende pakte Noppert út mei in 180'er, mar troch trije miste darts op de dûbel koe De Zwaan him fuortendaliks brekke. De Jouster pakte lykwols wol de tredde leg werom en makke dêrnei lyk mei in 138-finish. Krekt foar it skoft liet Noppert twa darts lizze om op foarsprong te kommen, wêrnei't De Zwaan mei syn lêste pylk tops fûn.

Sterke slotfaze

Noppert kaam goed út de break en pakte fuort twa legs achterelkoar. By in 4-3 foarsprong foar de Jouster miste hy mar krekt in finish fan 167, mar fia dûbel acht kaam hy op ien leg fan de oerwinning. Mei syn tredde 180'er en dûbel sechtjin fersekere Noppert him fan de twadde ronde.

Foto: Orange Pictures

Dy twadde ronde wurdt sneontejûn spile. Twafâldich wrâldkampioen Gary Anderson is dan de tsjinstanner fan Danny Noppert.

De reaksje fan Danny Noppert nei syn wedstriid tsjin Jeffrey de Zwaan

It telefyzjetoernoai de World Series Finals bestiet sûnt 2015. De earste trije edysjes waarden yn Skotlân spile en dêrnei ferhuze it toernoai foar ien kear nei Eastenryk. Dit jier wurdt de World Series Finals foar it earst yn Amsterdam en yn Nederlân hâlden. Darter Michael van Gerwen hat it toernoai leafst trije kear wûn.

(advertinsje)
(advertinsje)