Cambuur spilet lyk tsjin NEC, mar: "Wy steane noch boppe-oan, geweldich!"

SC Cambuur spile freedtejûn mei 0-0 lyk tsjin NEC Nijmegen. Mar Cambuur bliuwt wol koprinner: "Wy stea noch hieltiid boppe-oan, geweldich," sei trainer Henk de Jong nei ôfrin.
Cambuur reaksje 1
"Dit wie miskien wol de bêste ploech dêr't wy tsjin fuotballe hawwe. Op in geven momint krije wy ek wol in kâns, mar dan moat er binnen. Dat hiene wy dizze jûn net mei," sei De Jong.
Van Deelen wie in skoft út de rûlaasje troch in blessuere, en rekke freed op 'e nij blessearre. "Ik ha dêr sa it smoar fan yn. It is sa'n fantastysk mantsje en dan bart dit." Cambuur hat wol ferdigenjende opsjes. "Doke foel goed yn wy hawwe ek noch wat efter de hân, jonges dy't kommende wike wer werom komme," sei Henk de Jong.
De Jong wie ûnder de yndruk fan it applaus foar de ferstoarne Rienk Waaksma. "In geweldige man en geweldige sponsor, mar dat is net in wichtichst. Hoe't hy as man wie, ha ik net faak meimakke. Ik fûn it moai foar de famylje."
Cambuur reaksje 2
Doke Schmidt kaam nei tweintich minuten op it fjild, yn plak fan de blessearre Jordy van Deelen. "De reden waarom is niet leuk, laat dat duidelijk zijn. Maar dan moet ik er staan, zo werkt het." Schmidt hie net iens tiid foar in warming-up. "Je gaat er niet vanuit dat er voor rust iemand geblesseerd raakt, ik had niet veel tijd om een warming-up te doen, dan is het niet makkelijk om er dan meteen te staan."
Schmidt makke foar it earst minuten yn it eigen stadion. "Ik ben wel blij dat ik thuis minuten heb kunnen maken, maar het gaat om het team. Ik ben wel wat teleurgesteld dat we thuis niet hebben gewonnen, want voor een thuiswedstrijd is dat altijd het doel," sei de ferdigener.
As in gelok by in ûngelok spile ek De Graafschap lyk, dus bliuwt Cambuur koprinner. "Maar je kan het ook een gemist kans zien," aldus Schmidt.
© Orange Pictures