Drachtster Boys foarby OS Lusitanos

01 nov 2019 - 22:23

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn mei 0-3 wûn fan OS Lusitanos. Yn Amsterdam wie it nei tsien minuten al 0-2.

Drachtster Boys begûnen goed en kamen al nei fjouwer minuten op foarsprong. Jessie Prijs skeat op de peal, mar Daphne de Jong koe de rebound wol binnenwurkje.

Goed fiif minuten letter wie it ek 0-2. Ditkear joech Prijs de bal ôf op De Jong, dy't de 0-2 binnen sjitte koe.

Nei it skoft waard Lusitanos in oantal kear gefaarlik út de counter, mar ta skoaren kamen de Amsterdammers net. Dat slagge Drachtster Boys wol, fiif minuten foar tiid. In ien-twa tusken Prijs en Esther van Toledo waard troch Van Toledo binnensketten.

Drachtster Boys stiet nei fiif wedstriden fjirde mei njoggen punten. Nije wike nimme de froulju it op tsjin Drs. Vijfje út Grins.

(advertinsje)
(advertinsje)