Doelpuntleas lykspul foar Cambuur tsjin NEC

SC Cambuur hat freedtejûn yn eigen stadion lyk spile tsjin NEC: 0-0. De Ljouwerters krigen in soad kânsen, mar koene NEC-keeper Mattijs Branderhorst net foarby komme.
Jamie Jacobs en Calvin Mac-Intosch fan Cambuur mei Zian Flemming fan NEC © Orange Pictures
Cambuur wie yn de earste helte de boppelizzende ploech. De earste kâns wie dan ek foar de Ljouwerters, fia Jamie Jacobs, dy't de bal yn it strafskopgebiet krige, mar syn ynset yn de koarte hoek wie maklik te pakken foar NEC-keeper Mattijs Branderhorst. Nei tweintich minuten moast ferdigener Jordy van Deelen it fjild ferlitte mei in blessuere, hy waard ferfongen troch Doke Schmidt.
Jonathan Okita kaam nei in healoere tichtby in goal foar NEC. Hy draaide nei binnen en besocht de bal yn de koarte hoeke te lizzen, mar it skot rôle yn it sydnet. Cambuur krige dêrnei in grutte kâns fia Mees Hoedemakers, dy in pear sintimeter foarlâns skeat. Ek Jamie Jacobs waard gefaarlik, mar hy hie nei in ien-twa tefolle tiid nedich om te sjitten.
Koart nei it skoft kaam NEC in oantal kear foar de Ljouwerter goal. Sa moast Sonny Stevens in ynset fan Mart Dijkstra rêde en nei in minne bal fan de keeper krige Romeny in kopkâns, mar hy koe de bal net tusken de peallen krije.
Cambuur socht dêrnei wer wat mear de oanfal. Dat resultearre ek yn in kâns doe't Sambissa de bal fan links foar sette en Mühren koppe koe, mar keeper Branderhorst siet der goed by.
Sonny Stevens wie dêrnei wichtich troch in kopbal fan Okita te rêden. Yn de tsjinoanfal krige ek Maulun in enoarme kâns op it iepeningsdoelpunt, mar hy skeat de bal rjocht op keeper Branderhorst. Dêrnei gong Sambissa noch ris alinnich op de keeper ôf, mar ek syn skot waard rêden.
Twa minuten foar tiid pakte Branderhorst ek in skot fan Bangura, de oanfaller gie alinnich op it doel ôf mar op 'e nij wie de NEC-doelman de bettere.
Cambuur bliuwt wol koprinner, omdat nûmer twa De Graafschap ek lyk spile tsjin Excelsior. Cambuur hat no 27 punten en bliuwt de ploech út Doetinchem op doelsaldo foar.
SC Cambuur - N.E.C. Nijmegen 0-0 (0-0).
Opstelling Cambuur: Stevens; Sambissa, Schouten, Mac-Intosch, Van Deelen (20/Schmidt); Maulun, Hoedemakers, Jacobs; Oratmangoen (80/Paulissen), Mühren, Antonia (67/Bangura).