Foarsitter Olijve stapt fuortdaalks op by VV Bûtenpost

Paul Olijve leit syn funksje as foarsitter fan VV Bûtenpost fuortdaalks del. De foarsitter fan de fuotbalklup soe al fuort, mar hy hie wol oanjûn te bliuwen oant der in ferfanger wie. Neffens Olijve hat in 'bepaalde instantie' syn wille as frijwilliger nei nulpunt brocht. Hy hat him goed 40 jier ynset foar de klup en neffens him hat syn ôfskie ek neat mei de leafde foar de klup te krijen.
Paul Olijve © VV Buitenpost
Yn desimber woe Olijve ophâlde: "Ik bliuw wol aktyf foar de klup, hear. Mar ik bin aanst 60 jier, dus it wurdt tiid foar ferjonging," sa sei hy doe. Wêrom't hy op dit stuit krekt de klup ferlit, is net dúdlik makke troch de klup.
Paul Olijve makke syn beslút op de ledegearkomste bekend. Hy is mei syn bedriuw De Haan Westerhoff ek haadsponsor foar VV Bûtenpost. Hy hat grutte klups nei it doarp helle, sa hawwe sûnt 1984 ûnder oare Barcelona, Ajax en Feyenoord ris op sportpark De Swadde spile.