Roest wint 5.000 meter: trije Friezen nei wrâldbekers

01 nov 2019 - 21:21

Patrick Roest hat de 5.000 meter wûn op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. De trije Friezen einigen op de plakken dêrefter en helje dêrmei ek in ticket binnen foar de earste fjouwer wrâldbekers. De bêste Fries wie Jorrit Bergsma mei in twadde plak. Sven Kramer einige as tredde. Douwe de Vries waard fiifde.

Foto: Orange Pictures

Foar Kramer wie it fansels de fraach oft hy goed opknapt wie fan syn knibbelblessuere nei oanlieding fan in auto-ûngelok yn Inzell. Hy ried tsjin syn ploechgenoat Roest. Dy wûn de rit mei krekt gjin baanrekôr. By it yngean fan de lêste ronde ried Roest noch ûnder it baanrekôr fan Danila Semerikov, mar de tiid fan de Rus helle hy krekt net.

Semerikov ride 6.08,96 en Roest ride 6.09,83. Kramer einige dêr hast seis sekonden efter. Yn de lêste rit kamen De Vries en Bergsma noch yn aksje. It gie lang lykop tusken dy twa. Bergsma hold lang in lytse foarsprong, bleau flak riden mei allinnich mar 29'ers en ried nei de twadde tiid mei 6.14,34. De Vries waard fiifde mei 6.18,80. Marcel Bosker waard fjirde.

Utslach 5.000 meter:

1. Patrick Roest 6.09,83

2. Jorrit Bergsma 6.14,34

3. Sven Kramer 6.15,71

4. Marcel Bosker 6.18,41

5. Douwe de Vries 6.18,80

7. Marwin Talsma 6.21,33

16. Bob de Vries 6.29,05

19. Bart de Vries 6.36,57

(advertinsje)
(advertinsje)