Gjin moaie earste helte foar SC Hearrenfean, froulju wol mei winst nei hûs

01 nov 2019 - 21:20

De froulju fan SC Hearrenfean stiene freedtejûn yn it Cars Jeans Stadion tsjinoer ADO Den Haag. Sy giene fol entûsjasme nei de Hofstêd yn in nije eigen bus, mar it slagge harren net om de wedstriid te behearskjen. Alteast, net yn de earste helte. Yn de twadde helte setten sy mear druk, en dat levere binnen ien minút twa goals op.

Danique van Ginkel fan SC Hearrenfean en Maartje Looijen fan ADO Den Haag - Foto: Orange Pictures

Yn it earste kertier fan de wedstriid koe ADO Den Haag de measte druk sette. Dêrnei liken de frjoulju fan Hearrenfean wol wat mear op de oare helte fan it fjild te kommen, mar it bleau dreech. ADO krige in pear goeie kânsen. It wie dreech foar de froulju fan de Fryske ploech om de bal te behâlden en kânsen te kreëarjen.

Nei in goed heal oere sette Chasity Grant de thúsploech op foarsprong, en stie it 1-0 foar ADO. SC Hearrenfean sit oant it skoft ta net lekker yn de wedstriid. Yn de earste helte slagge it harren net om kânsen te pakken.

Twa goals binnen ien minút

Nei in oere spyljen feroare it tij ynienen, SC Hearrenfean gie mear druk setten en Suzanne Admiraal koe de lykmakker meitsje. Amper in minút letter slagge it SC Hearrenfean op 'e nij: Quinty Sabajo makke de 2-1 foar Hearrenfean fia de binnenkant fan de peal.

De trainer fan SC Hearrenfean besleat om Laura Strik fan it fjild te heljen en har om te ruiljen foar Kerstin Casparij. Ek Dana Philippo en Quinty Sabajo binne der letter út helle, dêr kamen Wiëlle Douma en Elise Meijerink foar werom.

In kertier foar de ein fan it spul krige Tiny Hoekstra noch in moaie sjitkâns krekt bûten it sechtjin-metergebiet, mar in doelpunt is dit net wurden. ADO Den Haag makke it har ûnnedich dreech. De Feanster froulju slagge it krekt net om it goal te berikken mei in frije traap en corner. It makke lykwols neat, de froulju hawwe de wedstriid wûn.

Kompetysje

It wie de sânde wedstriid yn de kompetysje. ADO Den Haag hie foar de wedstriid fan freed twa wedstriden wûn, trije lyk spile en ien ferlern. Dêrmei stie de klup op njoggen punten, dat wie krekt ien punt mear as SC Hearrenfean. De froulju fan de Feanster klup hiene twa wedstriden wûn, twa lyk spile en twa ferlern. Sy stiene op it fiifde plak. Der dogge acht teams mei oan de Earedifyzje foar froulju: ADO Den Haag, Ajax, VV Alkmaar, Excelsior Barendrecht, PEC Zwolle, PSV, FC Twente en SC Hearrenfean.

Oer goed twa wiken, op 17 novimber, steane de froulju fan SC Hearrenfean tsjinoer PSV.

Opstelling SC Hearrenfean: Okken (K), Van der Veen, Van Ginkel, Bross, Philippo, Strik, Bayings, Sabajo, Admiraal, Ter Beek, Hoekstra.

(advertinsje)
(advertinsje)