Floranus begjint wer as linksback: Woudenberg tsjin ADO wer op de bank

01 nov 2019 - 20:06

Sherel Floranus begjint snein yn de wedstriid tsjin ADO Den Haag wer yn de basis as linksback. Dat betsjut dat Ricardo van Rhijn wer as rjochtsback begjint en Lucas Woudenberg op de bank sit. ADO Den Haag stiet 15e en is dwaande oan in min seizoen.

"Floranus deed het zondag redelijk tot goed. Verdedigend goed, maar opbouwend kwamen we er niet goed doorheen. Dat had ook te maken met hoe we stonden op het middenveld. Dat is mijn fout." Trainer Johnny Jansen is kritysk op himsels. Hy fynt dat Ejuke net goed berikt waard. "Dat is mijn verantwoordelijkheid." ADO Den Haag is dwaande mei in minne seizoensstart en dus kinne je sizze dat der kansen lizze: "Je weet dat er ruimte ligt achter hun verdediging, maar je weet ook dat ze inzakken. Daar hebben wij het moeilijk mee."

Mitchell van Bergens is dwaande oan in goed seizoen. Hy skoarde twa kear en joech trije assists. Toch is hy kritysk. "Het moet nog wel beter. De laatste wedstrijden is het iets minder en ik moet meer scoren." Van Bergen komt út Oss, is in Brabânner, mar hat it goed nei syn sin yn Fryslân. "Friezen zijn niet arrogant. Dat bevalt me wel. Eerder trok ik veel op met Sam Lammers (no by PSV, red.), maar nu heb ik een vriendin. Het bevalt me goed in Heerenveen."

Opstelling: Hahn, Van Rhijn, Dresevic, Botman, Woudenberg, Faik, Kongolo, Veerman, Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

(advertinsje)
(advertinsje)