Lanlike ûnderwiis-staking giet net mear troch: ek gjin protest yn WTC

01 nov 2019 - 21:25

De lanlike ûnderwiis-staking dy't foar 6 novimber op de planning stie, giet net mear troch. Om't it kabinet 460 miljoen euro ynvestearret yn it ferheegjen fan it lean en it ferleegjen fan de wurkdruk, fine fakbûnen it net mear nedich. It betsjut ek dat it protest yn it WTC yn Ljouwert net mear troch giet.

Foto: ANP

In part fan it jild is foar ien kear, in oar part giet elts jier nei it ûnderwiis. Underwiisbûnen hiene earder goed 423 miljoen euro ekstra frege foar it basis- en fuortset ûnderwiis.

Nettsjinsteande it bedrach warskôget de PO-ried wol dat it leararetekoart noch net oplost is mei dit jild. It is noch net in strukturele oplossing.

Ljouwert

It WTC yn Ljouwert soe 6 novimber ien fan de trije stakingslokaasjes wurde. De Algemene Onderwijsbond (AOb) hie tûzenen stakers ferwachte, ek út oare noardlike provinsjes wei. De manifestaasje yn Ljouwert soe fan 11.00 oant 13.00 oere duorje en der soene ferskate sprekkers fan it ûnderwiis út oanwêzich wêze.

Trefwurden: 
Ljouwert ûnderwiis staking WTC
(advertinsje)
(advertinsje)