Anema ferrast mei wrâldbekerticket op 1.500 meter, lykas De Jong en Wüst

01 nov 2019 - 19:38

Reina Anema hat foar in ferrassing soarge troch in wrâldbekerticket te pakken op de 1.500 meter. De Gordykster ried hast in sekonde fan har persoanlik rekôr ôf: 1.56,54. Ek oare Friezinnen Antoinette de Jong en Ireen Wüst pleatsten harren foar de wrâldbekers. Jorien ter Mors wûn de 1.500 meter.

Foto: Orange Pictures

Ter Mors ried de rapste tiid fan 1.55,22 en wie dêrmei 76 hûndertsten rapper as de nûmer twa De Jong, dy't finishte yn 1.54,98. Wüst einige yn in tiid fan 1.55,09, noch foar nûmer fjouwer Melissa Wijfje. Dy rydt foar it Gewest Fryslân en mei dus ek it wrâldbekersirkwy yn.

Under de lêste rit seach Anema op it middenterrein mei triennen yn de eagen nei de tiden. Doe't se troch hie dat in wrâldbekerticket binnen wie, kaam de ûntlading. "Ik hie echt net tocht dat ik fiifde wurde soe. Dan hie ik dy echt foar gek ferklearre." De emoasjes wiene logysk. "Wy hawwe yn de privee-sfear mei ús trainer Siep Hoekstra wat ferfelends meimakke en dat kaam efkes nei boppe."

Antoinette de Jong wie bliid mei har rit. "It wie net perfekt, it kin noch wol in heale sekonde rapper, mar mei in twadde tiid op de 1.500 meter bin ik wol hiel bliid."

Utslach 1500 meter:

1. Jorien ter Mors 1.54,22

2. Antoinette de Jong 1.54,98

3. Ireen Wüst 1.55,09

4. Melissa Wijfje 1.55,81

5. Reina Anema 1.56,54

(advertinsje)
(advertinsje)