Koälysje Tytsjerksteradiel net te sprekken oer fuortrinnen riedsleden

01 nov 2019 - 19:30

Om't sy it net iens wiene mei de begrutting fan it kolleezje, binne tongersdei tsien leden fan de opposysje út de riedsgearkomste stapt. Opposysjepartijen D66, Grienlinks, VVD, PvdA en Partij voor de Boeren kinne harren net fine yn it belied en fine boppedat dat it net ynsichtlik genôch is. De koälysje is lykwols min te sprekken oer dizze aksje.

CDA: "Teloarsteld"

De koälysje is net te sprekken oer de aksje. Fraksjefoarsitter Age Kramer fan it CDA snapt it net. "Wy wiene fernuvere en teloarsteld dat der tsien riedsleden út de seal fuortrûn binne. Dêrmei dogge jo gjin rjocht oan de demokrasy. Wy binne fan miening dat it debat yn de riedseal wêze moat. Jo kinne it net iens wêze, mar dat moat jo net wjerhâlde om mei inoar yn petear te gean. Dat koe net en dat is spitich, dêrom binne wy teloarsteld."

'Hiene earder wêze moatten'

Dat de begrutting net dúdlik is, dat is harren ynterpretaasje, fynt Kramer. "Yn july hawwe wy de kadernota behannele en dêrmei jouwe jo rjochting oan it belied en it finansjele kader. As jo it der net mei iens binne, moatte jo dat dan oanjaan. Wat der no leit is in útfloeisel fan wat der yn july behannele is. Derom seine wy: wy kinne de begrutting fêststelle. Dan hiene sy it yn july mar sizze moatten," seit Kramer.

De opposysje wol in ûndersyk nei de begrutting, mar it CDA wol earst mei alle partijen prate.

Boargemaster skrokken

Boargemaster Jeroen Gebben (VVD) is bot skrokken. "It wie ûnferwachte. As jo as riedsfoarsitter foar sa'n wichtich debat sitte, dan hope jo dat eltsenien meidocht. As in grut part opstapt, dan fernuveret jo dat en dan skrikke jo dêr fan."

Hy nimt it wol serieus. "It is grif in sinjaal, dêr moatte jo net lichtfeardich mei om geane. Wy binne nijsgjirrich wat krekt de reden is. Dêrom wolle wy om tafel mei de fraksjefoarsitters."

Fraksjefoarsitter Age Kramer (CDA) en boargemaster Jeroen Gebben (VVD) fan Tytsjerksteradiel

It fuortrinnen fan opposysjeleden - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)