Jesper Hospes grypt njonken wrâldbekerticket op 500 meter

01 nov 2019 - 18:30

Jesper Hospes is der net yn slagge him te pleatsen foar de earste wrâldbekerwedstriden. Hy ried in tiid fan 35,34 en dêrmei waard hy njoggende. De earste fiif pleatse harren foar de earste fjouwer wrâldbekers.

Mei in iepening fan 9.76 sette Hospes, sa as we fan him wend binne, in knappe earste hûndert meter del. Mar oan de ein fan de earste bocht rekke hy efkes mei syn linkerhân it iis. Hy wûn syn rit dêrnei noch wol fan Gerben Jorritsma, mar seach tefolle riders ûnder syn tiid dûken.

Foto: Orange Pictures

Utslach 500 meter:

1. Dai Dai Ntab 34,79

2. Kai Verbij 34,95

3. Ronald Mulder 35,00

4. Lennart Velema 35,04

5. Hein Otterspeer 35,05

9. Jesper Hospes 35,34

(advertinsje)
(advertinsje)