In nij Frysk Biografysk Ynstitút moat Fryske libbensferhalen fuortbringe

01 nov 2019 - 18:15

Der moat in Frysk Biografysk Ynstitút komme. Dat is alteast it plan fan Tresoar, Historisch Centrum Leeuwarden, it Biografie Instituut fan Ryksuniversiteit Grins en útjouwerij Bornmeer-Noordboek. Om sa'n ynstitút op te rjochtsjen wolle sy in gearwurkingsferbân oprjochtsje, foarearst ûnder superfyzje fan it Biografie Instituut. Doel: it finansierjen en begelieden fan biografyen fan Friezen.

It agryf fan Tresoar - Foto: Omrop Fryslân

De inisjatyfgroep wurdt laat troch Tresoar-direkteur Bert Looper, HCL-direkteur Geart de Vries, Hans Renders fan it Biografie Instituut en Steven Sterk fan Bornmeer-Noordboek. Sy wolle ek dat oare kulturele organisaasjes yn de Provinsjes stipe jouwe, om sa in ynstitút foarm te jaan dat breed droegen wurdt.

Auteurs stypje

De groep stelt tegearre in list op mei Friezen dêr't sy fan tinke dat der in biografy oer komme moat. Ek ûndersykje sy wa't der mei in biografy dwaande is yn Fryslân. Auteurs kinne mooglik begelieding krije fan it Biografie Instituut en de útjouwers.

Boekesearje

Earder dit jier sloegen it Biografie Instituut fan de RUG en Bornmeer-Noordboek al de hannen ynien foar de boekesearje 'Over Leven.' Mei dy rige wurde nije biografyen skreaun en wurde âlde biografyske útjeften op 'e nij printe. Der binne al trije biografyen útjûn: oer Sicco Mansholt, Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Abe Lenstra.

(advertinsje)
(advertinsje)