CDA Ljouwert stelt fragen oer twadde coffeeshop it Vliet

De CDA-fraksje fan Ljouwert stelt it kolleezje skriftlike fragen oer in twadde coffeeshop oan it Vliet. It CDA is gjin foarstanner fan coffeeshops yn wiken bûten it sintrum en in twadde coffeshop oan it Vliet is net in winsklike situaasje, skriuwt de fraksje.
© Google Streetview
Bewenners fan it Vliet sitte neffens it CDA net te wachtsjen op in twadde coffeeshop yn harren wyk. Boppedat hat it CDA ek fragen oer de fergunningsproseduere. De wethâlder soe net op 'e hichte wêze fan de oanfraach en dizze soe net publisearre wêze op de webside fan de oerheid.
De fraksje freget it kolleezje boppedat oft sy fine dat de omwenners genôch belutsen binne. Ek wolle sy graach witte oft de ried net better ynformearre wurde moatten hie, sjoen de problematyk yn de wyk.