Ekstra ynspeksje F-35 fanwege blusskom-ynsidint

By fersin is de F-35 dy't tongersdei feestlik op fleanbasis Ljouwert lâne is, mei blusskom ûnthelle. Gewoanwei moatte der twa bôgen mei wetterstrielen wêze, mar der wie tongersdei ien mei wetter en ien mei skom. In flater foar Definsje, want it tastel hat no in nije ynspeksjebeurt nedich. It skom kin nammentlik rust feroarsaakje.
Ekstra ynspeksje nije F35 troch blusskom
Der siet noch skom yn de slang, neidat de brânwacht yn aksje kaam wie by in foarsoarchslâning fan in F-16. Dêrom kaam der mei de First Aircraft Arrival skom út ynstee fan wetter, der in in ferkearde knop yndrukt. Doe't de flater ûntdutsen is, is it fleantúch daalks skjinmakke.

"Menselijke fout"

"Het is een menselijke fout," seit luitenant-kolonel Sidney Plankman fan de Keninklike Loftmacht. "Er stonden twee vracht-brandweerauto's. Die hebben zowel water als schuim bij zich. Daarvoor zitten er twee schakelaars vlak naast elkaar, en er is per ongeluk een verkeerde schakelaar ingedrukt," leit hy út. "Een menselijke fout, dus."

Proseduere opstelle

Op dit stuit wurdt der mei fabrikant Lockheed Martin sjoen nei wat de eventuele gefolgen binne fan it fersin. "De fabrikant is de échte expert van het vliegtuig, die weet alles tot in de puntjes. De F-16 hebben we al veertien jaar, daar zijn alle mankementen wel eens bij gebeurd en aan de hand van incidenten zijn er procedures opgesteld. Maar dit is een nieuw vliegtuig, dus we nemen nu contact op met de fabrikant om zo'n procedure te maken," seit Plankman.
In stomme fout, hoewol't der wol oefene wie. Plankman: "Blusschuim is bedoeld om een brand te blussen, niet om schoon te maken. Het kan een corroderende werking hebben en dat moet worden onderzocht." It tastel hoegde noch net te fleanen, om't it sawiesa in kontrôle ûndergean soe.
Luitenant-kolonel Sidney Plankman fan de Keninklike Loftmacht
De F-35 is daalks skjinmakke © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma