Moldavyske supermerkrôvers moatte twa moanne de sel yn

01 nov 2019 - 16:36

Trije manlju út Moldavië hawwe freedtemiddei fan de plysjerjochter twa moanne selstraf krigen. It trijetal, twa manlju fan 19 jier en ien fan 29 jier, waard yn oktober yn Drachten oanhâlden mei de kofferbak fol stellen guod fan de Aldi. In fjirde fertochte, dy't tsientallen sûkeladerepen stellen hie, moat in moanne de finzenis yn.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De trije manlju waarden oanhâlden nei't de plysje op de mobyl fan de sûkeladedief foto's fûn fan twa auto's. Yn ien fan dy auto's waarden se in dei letter oanhâlden. Harren kofferbak lei fol mei stikken tsiis, bussen deodorant en pûden mei M&M's. Yn in oare auto leine allegearre pûden mei nútsjes.

De manlju hiene yn de omjouwing fan Bakhuzen in sjalet hierd. De auto's binne troch de plysje yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Drachten stellerij rjochtbank
(advertinsje)
(advertinsje)