Bysûnder projekt foar skipsbouwer Makkum: grut syljacht foar Sileen

01 nov 2019 - 15:58

In grut syljacht wurdt yn earste ynstânsje faak op de kop boud, om't de bouwers der sa better by kinne. Mar der komt in momint dat de skipsromp omkeard wurde moat. Dat wie freed it gefal mei de Pelagic 77, in tige grut skip dat by KM Yachtbuilders yn Makkum yn inoar setten wurdt. It wurdt makke foar in rike Sileen, dy't der ûnder oare earme bern mei silen leare wol. Foar de bouwers in bysûnder projekt.

It skip is 23 meter lang en 6,30 meter breed, dat is grutter as in skûtsje. Dêrmei is it in grut projekt, seit Jildou Huisman fan KM Yachtbuilders: "Voor ons is het een van de grootsten die we tot nu toe gebouwd hebben. Het keren is altijd een leuk moment, ook voor de eigenaar en de schipper." Mei twa mobile kranen wurdt it skip omkeard.

Hoe giet dat kearen? "Twee kranen leggen er twee banden omheen, aan de voor- en achterkant. Eén van die kranen tilt hem als het ware op, terwijl de ander hem naar beneden duwt. Zo wordt 'ie omgedraaid," leit Huisman út. "Voor het bouwen is dit veel gemakkelijker voor de jongens. We bouwen 'm ook altijd op een mal. Normaal gesprekken staan er mallen onder, die zijn nu al weggehaald. Daardoor kun je het schip strakker en efficiënter bouwen."

Trije funksjes

It skip wurdt makke foar in Sileen dy't it brûke wol as sylskip. Mar dat is net it iennige. "Het schip heeft eigenlijk drie functies," leit Huisman út. "Hij wordt voor een rijke Chileen, hij wil er privé mee varen. Maar hij wil ook een kans bieden aan kinderen in Chili, wat armere kinderen die niet heel veel hebben om mee te zeilen. Een schip voor een soort zeilschool dus. En er wordt mee gecharterd, zodat gasten er mee kunnen varen."

Súdpoal

It skip moat ek nei de Súdpoal farre kinne. "De vertegenwoordiger is Skip Novak, een bekende naam in de zeilwereld. Hij vaart ook met een paar andere schepen bij Chili en Patagonië. Van daaruit maakt 'ie ook tochten naar de Zuidpool. Een heel ruig en gevaarlijk gebied. Dus bijzonder om dat voor hem te mogen bouwen."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma en Jildou Huisman fan KM Yachtbuilders

It skip - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ek foar de bouwers is it in grutte put. Bouwer Marcel: "It proses ferrint frij goed, wy binne wat earder klear as de planning. It is gewoan super hoe't it no giet." It skip kin noch net daalks it wetter op. "Nee, wis net. Hy is noch net ticht, der moat bygelyks noch in kyl ûnder. Dat moat allegear noch makke wurde. It kearen is noch in hiel grut spektakel, foar ús ek. It is altyd in bytsje stress, mar wy dogge ús bêst," seit Marcel.

"Bouwt wel lekker weg"

Bouwer André: "We zijn er nog niet. Hij moet officieel in week 14 klaar zijn. Dus al het detailwerk moet er nog op en de fundatie voor de reling ook." Is is dreech foar him? "Tja, wat is moeilijk. Je doet het al jaren. Het principe qua opbouw en qua spantenwerk is voor elk schip hetzelfde. Alleen ja, het is allemaal groter. En het bouwt wel lekker weg, dat grote spul."

Jeroen Boersma yn petear mei bouwers André en Marcel

Trefwurden: 
Makkum sylskip Pelagic 77
(advertinsje)
(advertinsje)