Nei alle gedachten kin de Alvestêdehal yn Ljouwert sneon wer iepen

01 nov 2019 - 15:10

Fanwege problemen mei de motoaren fan de koelmasines is de Alvestêdehal yn Ljouwert al sûnt tiisdei ticht. Twa lytsere kompressoaren soargje der noch foar dat it iis net folslein smelt, mar der kin net massaal op riden wurde. Der binne nije motoaren besteld, direkteur Klaas Siderius fan de reedrydhal hopet dat de boel dit wykein wer iepen kin: "Yn de takomst sjen is yngewikkeld, it bliuwt spesjalistyske apparatuer. Mar ús ferwachting is dat wy tsjin de ein fan sneon testdraaie kinne."

"De problemen binne noch net hielendal oplost, mar wol foar 90 persint. Der wurde op dit stuit twa nije motoaren pleatst. Krekt de motoaren dy't stikken binne, hawwe in dûbeldfunksje: sy ferwaarme ek in bytsje by. En dy binne stikken draaid," leit direkteur Klaas Siderius út.

Net swier belêste

Der binne fjouwer motoaren yn de hal. "De twa foar de blauwe iishockey-hal dogge it gewoan goed, mar dy foar de 400-meterbaan kinne ek byferwaarmje, en dy dogge it no net. Wy kinne it iis net swier belêste, dat is it probleem. Wy soene bêst in rûndsje dwaan kinne, mar net 600 minsken op in dei, dat slagget net," fertelt de direkteur.

Wat is de skea

Siderius wit net krekt wat de skea is: "Wy binne dat noch oan it ûnderyskjen, want de iishockey, curlers, it keunstriden, de hoareka en de winkel binne wol iepen. Dus net alles leit stil. Mar op in freedtemiddei kinne wy oerdeis wol goed 600 besikers oer de flier hawwe." Skea sil der dus grif wêze.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort praat mei direkteur Klaas Siderius

De koelmasines foar de Alvestêdehal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
(advertinsje)
(advertinsje)