Alve kânshawwers foar literêre Piter Jellespriis 2019

01 nov 2019 - 15:04

Alve kandidaten meitsje dit jier kâns op de literêre Piter Jellespriis. Dy ûnderskieding wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt, oan in persoan of projekt dy't in bydrage leveret oan de Fryske of Nederlânske taal.

Foto: ANP

De sjuery hat foar dit jier in seleksje makke út skriuwers, kollektiven en projekten. De lêste kear waard de Piter Jellespriis yn 2016 útrikt, om't der in jier dêrfoar sprake wie fan sykte yn de organisaasje. De priis waard dêrom in jier opskood en gie doe nei skriuwer en Fries om utens Nyk de Vries.

De nominaasjes foar de Piter Jellespriis 2019 binne:

  • Tsead Bruinja, Kapstôk: gedichten (2018);
  • Josse de Haan, Reade snie en swarte hagelstiennen: novelle (2016);
  • Elske Kampen, Ynbyld: gedichten (2017);
  • Sipke de Schiffart, Oan dy tinke leafdesgedichten dy't it bestean wat lichter meitsje (2017);
  • Jannie Regnerus, Nachtschrijver: roman (2017);
  • Kollektyf Heksenhamer, ferskate teäter- en lietteksten;
  • Willem Schoorstra, De nacht fan Mare (2017);
  • Janneke Spoelstra, De parallaks (2019);
  • Projekt Poetic Potatoes. Poetry in potato bags (2018);
  • Hans Brans, Oera Linda: The mjoesikul (2019);
  • Peter Sijbenga, ferskate teksten, û.o. Mattheus-fertaling NNO (2018), Oeds fan fierwei (2018), teksten berne-iepenloftspul (2014-no).
(advertinsje)
(advertinsje)