Komitee 1945 fan Harns hâldt nei 75 jier op: "Onze taak is volbracht"

01 nov 2019 - 14:42

De Stichting Centraal Comité 1945 yn Harns hâldt op te bestean. De stichting waard yn 1945 oprjochte om it sosjale libben en it ferieningslibben op it mêd fan sport en kultuer wer op te setten en oan de gong te hâlden. "Maar onze taak is nu volbracht", seit de stichting.

It keningshûs fierde Keninginnedei 1982 yn Harns - Foto: ANP

"Dat klinkt wel wat gewichtig", seit Joop van der Heide fan it komitee. "Maar de oorspronkelijke doelstelling was om het sociale, culturele en sportleven weer op poten te zetten na de Tweede Wereldoorlog." En dat is dus slagge, fine se. De stichting wurke ûnder oare mei oan Keningsdei, de betinking op 4 maaie en de fiering fan 5 maaie.

It hat ek in praktyske reden dat it komitee ophâldt. "De gemiddelde leeftijd van de leden is 106 jaar inmiddels", grapket Van der Heide. "En de aanvulling is zeer moeizaam. Links en rechts worden we ook nog ingehaald door andere evenementenorganisaties. Tel daarbij nog op dat er steeds meer eisen bij de vergunningsverlening komen. Dat alles heeft ons hiertoe doen besluiten."

Mar hoe moat it no fierder? "We hebben al gesprekken gehad met de gemeente. We zeiden: jullie moeten erin voorzien als jullie de herdenkingen willen voortzetten. En ik weet ook niet hoe het verder gaat met Koningsdag, dat weet ik ook niet. Dat moet iemand anders oppakken."

Joop van der Heide fan Comité 45

(advertinsje)
(advertinsje)