Sander Arends nei finale yn Eckental

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert stiet yn de finale fan it challengertoernoai yn it Dútse Eckental. Tegearre mei syn Tsjechyske dûbeldmaat Roman Jebavy wie Arends mei 6-4, 3-6 en 10-7 te sterk foar de Belch Ruben Bemelmans en de Dútser Daniel Masur.
© Orange Pictures
Yn de earste twa sets wiene der kânsen foar beide duo's. Yn de earste set pakte dat goed út foar Arends en Jebavy, mar yn de twadde set koene se gjin break meitsje. Dêrom moast in supertiebreak de beslissing bringe. Dêryn wie it ferskil net grut, mar it wie genôch om de finale te heljen.
De tsjinstanners yn de finale binne noch net bekend. Arends en Jebavy binne as earste pleatst yn Eckental. Earder yn it toernoai wûnen se al fan Hofmann en Schifris (7-5 6-3) en Sancic en Cacic (6-2 7-6).