CNV: Hartman hat sels prima posysje, memmebedriuw net

De situaasje by it memmebedriuw fan Hartman, The Fruit Farm Group, wie dochs net sa solide. Dat seit CNV-bestjoerder Sijtze de Bruine nei't bekend waard dat The Fruit Farm Group it fallisemint oanfreget foar de tomate- en paprikatylder út Seisbierrum. Neffens De Bruine hat Hartman sels in prima posysje.
It bedriuw Hartman yn Seisbierrum © Omrop Fryslân, René Koster
De Bruine hopet no op in goede oernamekandidaat foar Hartman. "Eentje zónder lijken in de kast, dát zou mooi zijn."

Swiere ferliezen by memmebedriuw

The Fruit Farm Group waard twa jier lyn eigener fan Hartman, mar yn dy perioade hat it nea rêstich west. Ferline jier waarden minsken dien jûn mei de krystdagen. Nei in reorganisaasje begjin dit jier like it de goede kant op te gean. "Maar voor de zomervakantie bleek de balans bij de Belgische moedermaatschappij The Fruit Farm Group ineens zware verliezen te kennen", seit De Bruine. "Geruchten die er destijds waren werden bezworen, maar hebben nu dan toch geleid tot de definitieve ondergang."
Hartman hat santich minsken fêst yn tsjinst. Sy reitsje no har baan kwyt. Dat is hiel soer, seit De Bruine. "AC Hartman bepaalt in hoge mate de werkgelegenheid rondom Sexbierum. En bij een faillissement schiet er niets over voor de werknemers. Daarom zal CNV Vakmensen opnieuw net als in december 2018 - nauwkeurig bezien of zo'n mega-ingreep correct of zelfs nodig is."

Hoop op goede trochstart

The Fruit Farm Group seit dat der al ferskate kandidaten har meld ha foar in oername fan Hartman. "Dat zou mooi zijn, omdat het bedrijf dat verdient", neffens De Bruine. "Maar dan moet ook worden voorkomen dat de werknemers met lege handen blijven zitten. Zo'n doorstart moet voor hen dan toch ook rimpelloos gaan."
De reden dat der noch net in partij foar it oernimmen is, komt om't der tefolle liken út te kast kamen. Mooglike kandidaten doare it dus net oan sa lang The Fruit Farm Group noch eigener is. Mei in fallisemint is dat net mear sa, sa kin it bedriuw wer in twadde kâns krije.
Der soene no dus wol serieuze partijen wêze dy't wol fierder wolle mei it bedriuw. As de skulden ferfalle mei it fallisemint, soe in partij mei it bedriuw fierder kinne. De Rabobank spilet wol in beslissende rol, de bank hat it finansierjen ûnder it bedriuw lizzen mar ek de claim. As it fallisemint komt, is de bank eins eigener en dy moat it bedriuw dan wer ferkeapje. In partij dy't it oernimme wol, moat dus genôch jild op it kleed lizze sa't de bank der mei akkoart is.
It personiel seach it fallisemint wol oankommen. De wurknimmers sjogge graach dat it bedriuw sa gau as mooglik oernommen wurdt, sa't der wer jild komt en der takom jier wer in risping komme kin.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer it fallisemint