"De flagge gie út foar dy F-35, mar it is wol oarlochstúch!"

01 nov 2019 - 13:15

"De flagge gie út foar de F-35 en der wie in wolkomstkomitee as wie it in feestje, mar it giet wol om oarlochstúch." It is ien fan de reaksjes op de wyklikse Ljouwerter freedsmerk op de komst fan de F-35 nei de fleanbasis. "Sa wiene der wer 70 deaden by dat bombardemint yn Syrië. No, dan witte jo: dat is gjin moai spul."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In oar wie krekt wiis mei de komst fan de nije F-35 nei Ljouwert: "It jout my in feilich gefoel, it is de beskerming fan ús lân."

Fansels fûnen ek in soad minsken dat de tastellen wol in soad leven meitsje en in hiel soad jild kostje. "Ik hie it leaver oan wat oars útjûn. Oan de bejaarden of sa." In echte pasifist seach mear heil yn geweldleaze oplossingen. "Er zijn landen die zonder leger kunnen, waarom wij dan niet?"

Freedsmerk oer de F-35

Trefwurden: 
freedsmerk F-35
(advertinsje)
(advertinsje)