FIDEO: Wat witte reedrydsuskes Antoinette en Michelle de Jong fan elkoar?

01 nov 2019 - 13:15

Se is der klear mei: altyd sjoen wurde as 'it suske fan'. Michelle de Jong wol dit reedrydseizoen sjen litte dat se ek hiel goed reedride kin, lykas har sus Antoinette. Wêr't de âldste mear de allrounder is, is de jongste de sprintster. Wat witte se fan elkoar? Yn ús rige oer de Fryske reedriders 'quizze' we diskear mei reedrydsuskes Antoinette en Michelle de Jong.

Omrop Fryslân makket de hiele wike reportaazjes oer Fryske reedriders, yn de oanrin nei de start fan it seizoen freed. Dit is it lêste diel. Hjirûnder de eardere reportaazjes:

Diel 1: Reina Anema

Diel 2: Femke Kok

Diel 3: Letitia de Jong en Janine Smit

Diel 4: Douwe de Vries en Sven Kramer

(advertinsje)
(advertinsje)