100 jier radio: Digitaal makket radio noch better

01 nov 2019 - 12:42

De komst fan ynternet betsjut wer in nij haadstik yn de skiednis fan radio: digitale radio. In haadstik dêr't Johan Beenen net it measte fan ôf wit. Hy ferwiist ús dan ek troch nei syn soan Sietze, dy't de fjirde generaasje fan de famylje Beenen yn de saak is. Johan Beenen naam Omrop Fryslân dizze wike mei troch 100 jier radioskiednis.

Sietse Beenen tusken de digitale radio's fan hjoed-de-dei - Foto: Omrop Fryslân

"Us heit is der yn 2008 mei ophâlden, dus dat kloppet wol", seit Sietze. "Digitale radio kaam begjin dizze iuw opsetten."

Grutter oanbod en hegere kwaliteit

Doel fan digitale radio is om in bettere kwailteit útstjoerings te leverjen as mei FM. Boppedat is it oanbod folle grutter, miskien wol ûneinich. Online radio harkje kin oeral dêr't ynternet is. Fia de side fan de radiostasjons kin it streekrjocht of op fersyk (on demand).

Alle Nederlânske radiostjoerders binne sûnt koart ek mei DAB+ te beharkjen. DAB stiet foar Digital Audio Broadcasting en is in Europeesk systeem dat sûnt 1993 digitalisearre radio-útstjoerings mooglik makket. DAB+ is de ferbettere foarm dêrfan. Foardielen binne it stoaringsfrij is, dat der mear ynformaasje oan de harker jûn wurde kin en dat it in oplossing is foar de kapasiteitsproblemen fan de FM-bân. Neidiel is dat de harker der in spesjaal DAB-tastel foar keapje moat.

Radio's wurde noch wol ferkocht

Mei de komst fan ynternet, wurde der dan noch wol radio's ferkocht? "Jawis wol", neffens Sietze Beenen. "Mar tsjintwurdich fansels ek speakers." En dat is logysk fansels, want foar radio op ynternet ha je oan in lûdsboks allinne genôch.

Hat Sietze it idee dat der noch in soad nei de radio harke wurdt? Ja, útgeande fan himsels, hy hat de radio meastentiids wol oanstean yn 'e hûs. Mar hoe't it ûnder de jongerein is? In koarte stekproef yn it sintrum fan De Gordyk leart ús dat dy kategory sels de radio net oan set. Se kinne de radio fan de auto. Sels harkje se muzyk fia Spotify of soksawat. "We wolle sels útsykje wat we hearre wolle".

Sietze Beenen oer digitale radio

Woansdei 6 novimber is it 100 jier lyn dat Hanso Idzerda it alderearste radioprogram foar algemien publyk makke yn in studio yn Den Haag, in wrâldprimeur. Idzerda waard yn 1885 berne yn Weidum en stoar yn 1944 yn Den Haag. Omrop Fryslân hat dizze wike yn ferskate programma's omtinken foar 100 jier radio mei op snein 3 novimber in spesjale útstjoering fan Buro de Vries, streekrjocht út it doarpshûs fan Weidum wei.

(advertinsje)
(advertinsje)