Ald-keamerhear Wegener-Sleeswijk (78) stoarn

01 nov 2019 - 12:14

Rienk Wegener-Sleeswijk is ôfrûne woansdei op 78-jierrige leeftiid ferstoarn. Wegener-Sleeswijk wie foaral bekend as keamerhear foar it keninklik hûs, dat er sûnt 1994 wie. Dêrnjonken wie Wegener-Sleeswijk âld-rjochter en vice-presidint fan de rjochtbank Ljouwert.

Wegener-Sleeswijk hie ek ferskate oare funksjes yn Fryslân. Sa wie er foarsitter fan it Fries Scheepvaartmuseum en fan de oprjochting yn 2009 ôf sekretaris fan de Wurkgroep Maritime Skiednis.

De kommissaris fan de Kening of Keninginne dy't him it langste meimakke hat, is Ed Nijpels. "Ik heb heel warme herinneringen aan hem. Hij was een lieve man."

Rienk Wegener-Sleeswijk en âld-kommissaris John Jorritsma - Foto: ANP
(advertinsje)
(advertinsje)