Belgyske oandielhâlder freget fallisemint oan fan glêstúnbouwer Hartman

01 nov 2019 - 12:00

De Belgyske oandielhâlder The Fruit Farm Group hat it fallisemint oanfrege fan glêstúnbedriuw A. C. Hartman yn Seisbierrum. "We zagen geen andere optie dan het nemen van dit besluit", seit wurdfierder Peter Zeylmaker fan The Fruit Farm Group. Hartman hat sa'n 70 minsken fêst yn tsjinst.

Hartman siet al langer yn de finansjele problemen. Nei in reorganisaasje koartlyn like it wer de goede kant op te gean, mar dat wie dus úteinlik net sa. "De reorganisatie heeft niet het gewenste effect gehad", seit Zeylmaker. Hy sjocht noch wol opsjes foar in trochstart. Der binne al partijen dy't har meld ha mei ynteresse, seit The Fruit Farm Group.

Zeylmaker wit net oft der al in kurator oansteld is.

Miljoeneferliezen

The Fruit Farm Group waard twa jier lyn it memmebedriuw fan Hartman. Dat wie gjin sukses, want ûnder nij management waarden miljoeneferliezen makke. It kassebedriuw soe ferkocht wurde, wie it idee.

Ein 2018 kundige Hartman in grutte reorganisaasje oan. Flak foar de krystdagen kaam de meidieling dat 57 fan de 110 fêste minsken dien krije soene. Uteinlik binne tweintich minsken harren baan echt kwytrekke.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)