Tsjerkeklokken Weidum nei jierren fan stilte wer yn bedriuw

01 nov 2019 - 11:45

It monumintale oerwurk fan de tsjerketoer yn Weidum sil takom wike freed foar it earst yn jierren wer lûd meitsje. De klokken wiene yn minne steat. It ferbetterjen dêrfan wie djoer en duorre dêrtroch lang.

Foto: Steven Duursma / It Nut

It oerwurk komt út de 16e iuw. It tsjerkebestjoer hie lange tiid net genôch jild om de gebrekken wer te meitsjen. Boppedat moasten it oerwurk en it slachwurk twa kear deis opwûn wurde troch in kertier lang oan in slinger te draaien. Dat is swier wurk en yn Weidum kinne se dêr hieltyd minder minsken foar fine.

It doarpsbelang fan Weidum, It Nut, is ferline jier mei de tsjerke úteinset om it oerwurk fan de tsjerketoer te meitsjen. Se ha jild by-elkoar krigen troch donaasjes út it doarp en ek út fûnsen. Der komt ek in automaat yn de tsjerke, om it oerwurk automatysk op te winen. It lieden fan de grutte klok sil no trije kear deis automatysk gebeure.

De tsjerke fan Weidum - Foto: Steven Duursma / It Nut

By it ynlieden takom wike sil sjongeres Nynke Laverman it nûmer Seis oere thús sjonge. Dat is it iepeningsnûmer fan Kulturele Haadstêd 2018. Dêrnei, om 18.00 oere presys, klinke de tsjerkeklokken foar it earst yn jierren wer.

(advertinsje)
(advertinsje)