Buma slút drugspân dat himp levere krige troch himpboer Terherne

01 nov 2019 - 11:09

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat in loads oan de Apolloweg yn de stêd sletten. Dêr waarden yn juny 252 himpplanten fûn. Boppedat leine der saken yn it pân dy't bedoeld binne foar profesjonele himptylt, lykas groeimiddels, koalstoffilters en kweektinten.

Foto: Public Domain Pictures

De plysje is al langer dwaande mei ûndersyk nei grutskalige produksje fan himp. Yn dat ûndersyk is ek dizze growshop nei foaren kaam. De loads bliuwt seis moannen ticht.

De gemeente Ljouwert tinkt dat de himp yn de leads yn Ljouwert ûnder oare levere waard troch de tylder út Terherne dy't earder yn it nijs wie.

Dit jier binne oant no ta yn totaal 26 Ljouwerter pannen sletten fanwegen drugs.

Trefwurden: 
drugs himptylt drugspân
(advertinsje)
(advertinsje)