Finânsjes rûn: Planetarium fan Eise Eisinga wurdt foardroegen by UNESCO

01 nov 2019 - 16:33

It Planetarium fan Eise Eisinga yn Frjentsjer wurdt foardroegen om UNESCO wrâlderfgoed te wurden. De gemeenteried fan Waadhoeke stelde tongersdeitejûn 50.000 euro beskikber en dêrnei binne de kosten foar de nominaasje dutsen.

Ek de provinsje Fryslân draacht ienselde bedrach by, lykas de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed. Pas yn 2022 fynt dy foardracht nei alle gedachten plak. It komitee fan UNESCO moat der dêrnei dan noch oer te set.

As it Planetarium wrâlderfgoed wurdt, komt it yn it listje fan de Waadsee en it Woudagemaal, dy't yn Fryslân dy status al hawwe.

Grut dossier

It foardragen moat 150.000 euro kostje. "Misschien denk je bij een aanvraag dat het een brief is, maar we moeten een uitgebreid dossier leveren. We moeten uitleggen waarom het uniek is, wat het draagvlak is, hoe we zorgen voor behoud en beheer en een mondiale vergelijking met andere planetaria. Dat alles moet leiden tot een uitgebreid dossier in allerhande talen, dat we aanbieden aan UNESCO," leit direkteur Adrie Warmenhoven út.

Warmenhoven: "We willen het in 2022 in UNESCO aanbieden, dan gaat een commissie er zich over buigen en anderhalf jaar later horen we of we het wel of niet worden. Maar het heeft ons al veel gebracht, we zijn al lang met het traject bezig."

Direkteur Adrie Warmenhoven fan it planetarium

It had in soad brocht

Yn 2003 wie der in bestjoerslid dy't mei it idee kaam. "Sinds 2010 zijn we officieel kandidaat. In die periode hebben we al zoveel geleerd: over Eisinga, over de tijd, het planetarium. Dat kunnen we nu ook naar de bezoekers uitstralen."

Kontakt mei Anne Frank Huis

Der binne twa nije pannen by kocht en der is in nije yntree kaam. Direkteur Warmenhoven seit ek yn peatear te wêzen mei oare ynstellingen. "Voor de zomer heb ik uitgebreid contact gehad met het Anne Frank Huis over hoe bijvoorbeeld om te gaan met enorme bezoekersaantallen in een klein kamertje. In vergelijking met hun 1,3 miljoen zijn onze 64.000 bezoekers laag, maar het is wel belangrijk om te weten hoe je met zo'n bezoekersstroom omgaat."

Foto: Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
(advertinsje)
(advertinsje)