Twa auto's útbrând yn Harns, plysje siket tsjûgen

01 nov 2019 - 10:37

Oan de Pieter Jelles Troelstrastrjitte yn Harns binne yn de nacht fan tongersdei op freed twa auto's útbrând. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Foto: Jannette Van der Ploeg

De brânwacht kaam yn earste ynstânsje om trije oer hinne ôf op in melding fan in brân yn in boukontener. Al gau die bliken dat it gie om in autobrân, dy't ûntstien wie yn ien fan de auto's.

It fjoer sloech oer nei in auto dy't der krekt njonken stie. De twa auto's binne folslein útbrând.

Tsjûgen socht

Om't der oer de oarsaak neat bekend is, siket de plysje minsken dy't mear witte oer de brân oan de Pieter Jelles Troelstrastrjitte.

De ôfrûne tiid hawwe der mear brannen west yn de wyk it Oosterpark.

Trefwurden: 
Harns plysje auto brân
(advertinsje)
(advertinsje)